Hold Tsead Bruinja it yn eardere bondels nocht ticht by hûs wat ûnderwerpen oanbelange, yn Gers dat alfêst laket siket de dichter de konfrontaasje mei syn neisten yn rommere sin. It is him dit kear net om in ferstoarne pake, mem of in heit te dwaan dêr't er mei te reedriden koe troch in ferline. Nee, dit kear lit er de wrâld binnen, in wrâld dy't sûnt syn lêste Fryske bondel Gegrommel fan satyn en syn ferhuzing nei Amsterdam feroare is.
Tsead Bruinja freget him yn Gers dat alfêst laket ôf wa't er 'oan it stjoer sit' fan dy wrâld, wa't de macht hat en stelt himsels de fraach wêrom't hy syn fersen opskriuwt sa't er dat docht, want fansels skûlet ek dêryn it misbrûken fan macht. Sa besiket de dichter bygelyks in frou oan it wurd te litten dy't him in oansteller neamt, mar blykt sy by eintsjebeslút yn it hiele fers eins har lippen nea beweegd te hawwen. De ûnmooglikheid fan taal oan it wurd.
Gers dat alfêst laket is in bondel oer taal en wat dy mei de dichter en syn byld fan de wrâld docht, oer hoe't wy inoar foar de gek hâlde en dat is fansels mar in diel fan it ferhaal fan de bondel. Dy tematyk fan de taal, de macht en de wrâld foarmet in libbene eftergrûn foar in oangripende leafdesskiednis tusken in man en in frou mei in pynlik ferline. De man besjongt har krêft en fernuveret him der oer hoe't se it oprêdt om troch te gean wylst der sa'n grut stik fan har wille fuorthelle is.
Michael Zeeman skreau al yn it sjueryrapport fan de Gysbert Jabicxpriis dat 'de renêssânse yn de Fryske poëzij dêr't sa faak nei ferwiisd wurdt' net allinne in media-barren is, mar dat dy renêssânse ek in feit is.' Dat binne miskien grutte wurden, mar at se wier binne dan gean se ek op foar dizze dichter dy't him no al jierren ynset foar de Fryske literatuer yn Fryslân en yn de rest fan Nederlân. Sa sette Bruinja mei it Skriuwersboun en Sytse Jansma it Literêr Sirkwy op wêrtroch Fryske skriuwers faker optrede kinne yn Fryslân, stelde hy mei Hein Jaap Hilarides de twatalige blomlêzing Dream yn blauwe reinjas mei wurk fan in nije generaasje dichters gear en gie mei dyselde dichters op toer troch Nederlân fan Middelburg oant Nijmegen en Ljouwert ta wat kommend jier resultearje sil yn twatalige selsstannige bondels fan Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Abe de Vries en Jabik Veenbaas yn de Contrabasrige.
Gers dat alfêst laket
Tsead Bruinja Utjouwerij Bornmeer
ISBN 90 5615 120 7
€ 15,-
Webside en kontaktynformaasje skriuwer:
Tsead Bruinja
James Cookstraat 50-III
1056 SC Amsterdam
Tel.: 020-6181877
Mob.: 06-11407190
Mail: tseadbruinja@hotmail.com
Web: www.tseadbruinja.nl
Foar audio: http://www.tseadbruinja.nl/jukebox.htm
Foar byld: http://www.tseadbruinja.nl/beeld.htm
Webside en kontaktynformaasje útjouwer:
Utjouwerij Bornmeer
De Haniahof
Haniasteeg 57
8911 BX Ljouwert/Leeuwarden
Tel.: 058-2128706
Mail: info@bornmeer.nl
Web: http://www.bornmeer.nl/
nei boppe
Tsead Bruinja ( Rinsumageast , 1974) studearre yn Grins Ingelsk en Frysk oan de RuG, mar makke syn stúdzje net ôf. Hy wennet no yn Amsterdam. Yn Grins organisearre er literêre eveneminten lykas ' Dichters in de Prinsentuin ' dêr't er noch altyd oan ferbûn is as adviseur. Bruinja skriuwt yn it Nederlânsk en Frysk en publisearre yn `e tydskriften Hjir , Krakatau , Farsk , De Poëziekrant en Parmentier. Twa jier lang wie er redaksjelid fan it tydskrift Hjir . Yn 2000 debutearre Bruinja mei de bondel De wizers yn it read ( Bornmeer , 2000) folge yn desimber 2001 troch De man dy't rinne moat (Bornmeer). Yn 2003 ferskynde de tredde Fryske bondel Gegrommel fan Satyn (Bornmeer) en yn juny fan datselde jier makke Bruinja syn Nederlânstalige debút mei Dat het zo hoorde (Contact) dat nominearre waard foar de Jo Peterspoëzijpriis. Yn oktober fan 2004 seach de twadde Nederlânstalige bondel Batterij it ljocht en ferskynde ek de troch Bruinja en Hein Jaap Hilarides gearstalde twatalige blomlêzing Droom in blauwe regenjas/Dream yn blauwe reinjas (Contact & Bornmeer). Begjin 2005 kaam de blomlêzing Klotengedichten (Passage) út, lykas de earder blomlêzing Kutgedichten mei gearstald troch Daniël Dee. Tegearre mei Stijn Ekkers fersoarget Bruinja koarte resinsjes fan nije Nederlânsktalige poëzij op de side Boeken.vpro.nl. Tsead Bruinja treedt graach op mei de muzikanten Jaap van Keulen , Michiel Rasker of Polo de Haas . Hy wie te belústerjen yn The Blue Room (Newcastle, Ingelân), De Brauhauskeller (Bremen), Buch Messe (Leipzich), De Nederlânske Ambassade (Berlyn), De Wintertuin (Arnhim/Nijmegen), Dichters op Straat (Ljouwert) en op Poetry International (Rotterdam, 2005).
nei boppe
âld man
it fruit rôle oer de binnenkant
fan syn hân en seach him
glinsterjend oan
wat kinne âlde hannen it fjild fertelle
wat kinne âlde hannen in hûd ynwriuwe
no't troch him har hunning de ierde ferlitten hat
krôket de goddelike loop en laket
skamskot
it gers is net siik mar
fisk hâldt de hannen yn de finnen stil
it gers
de skamte
it fel
© Tsead Bruinja
nei boppe
elk wurd dat ik by dy dellis
oan `e grûn en foar dyn fuotten
is in wurd tefolle
it kâlde gers derûnder
krekt meand krekt wiet
fan de moanne
it leit in dei
no wachtsje op de sinne
en hân foar de mûle
en hân foar de grap
wachtsje op hoe't
krekt meand gers
iiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiii laket
sjocht my oan
kom oerein
iiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiii laket laket laket
elk wurd
iiiiii wier wurd laket
laket
iiiiii bliid
as in bêd dat noch net op
makke is
laket
iiiiii krekt
meand en glêd
krekt meand en bliid
laket it gersiiiiiiii mei de hân
op de mûle
en elk wurd dat ik skielk skynber sêft
by dy dellis op it nije gers en foar dyn djoere fuotten
is in wurd tefolle dat laket en laitsje sil
© Tsead Bruinja
nei boppe
elk wurd datsto my yn `e hannen leist
is in swurd is in dûbelloops jachtgewear
en ik wit net oft it in duel is datst my oanbiedst
of dat ik it fine houtwurk fan de hânsels
keure moat
kâlde reinwetterbak
readhite hurdte
âld hinnehok
mei in ôfreage piano
ik jou dy in izige hân
ik jou dy in waarmbloedige hân
in judastút
in brânmerk
in fôle mei in krûme rêch
kampke mei in gat
deryn
in sûchplak
© Tsead Bruinja
nei boppe
in man útklaaie yn in bunker
en sizze
iiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiii gûchelje
gûchelje sûnder hannen
gûchelje sûnder wat leard te hawwen
gûchelje sûnder trúkjes
gûchelje sûnder klean oan
gûchelje sûnder apparaten
de maniiiiiiiiiiiiii in laits
laits laits laits laits laits laits
laits laits laits laits laits laits
droege eagen
bewakers dy't inoar oansjogge
en ynienen twa kûmkes
hannen ûnder de noas treaun
krije fol focht
no sjocht hy se oan
lulk
se slikje as hûnen
him de hannen leech
ik ha net sein dat ik fûn
dat dit kin of dat dit sa is
ik ha net sein dat de man
stjoerd wurdt of sympatyk is
iiiiiiiiiiiiiii gûchelje
de man laket
de bewakers sjogge inoar oan
en syn hannen bliuwe leech
iiiiiiiiiiiiiii of
de man laket
de bewakers sjogge inoar oan
syn hannen bliuwe leech
de bewakers dogge de doar mei
de traaljes ticht
en wylst de man nei syn
hannen sjocht rinne se fol
de man laket
en de bange fingers
fan de bewakers
lûke oan de trekker
it wetter falt op `e grûn
de bewakers sjogge it wetter
iiiiiiiiiiiiiii en besykje de man
iiiiiiiiiiiiiii by te bringen
iiiiiiiiiiiiiii harren fingers wrotte nei de kûgels
iiiiiiiiiiiiiii yn de wûnen
iiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiii of ien fan harren
iiiiiiiiiiiiiii docht dit
iiiiiiiiiiiiiii wylst de oare de doar
iiiiiiiiiiiiiii útrint
iiiiiiiiiiiiiii in grut rustich
kontenerskip keapet
en in kat
mei beide de see
ôfstrúnt
dat hy eins in man wie
dy't as jonkje grutsk fan
de botsauto's thúskaam
noait rekke wie
de oare hakke de rest
fan de beammen
iiiiiiiiiiiiiii yn de bosk om
en waard in wiis man
© Tsead Bruinja
nei boppe
Ferantwurding
Fersen út Gers dat alfêst laket ha earder publisearre west yn de blomlêzingen:
De blauwe schuit, Varen met dichters en kunstenaars, Uitgeverij Passage, 2005; Dichters in het noorderlicht , Foto & poëzie, St. Aurora Borealis, 2005; Droom in blauwe regenjas / Dream yn blauwe reinjas, Uitgeverij Contact & Uitgeverij Bornmeer, 2004.
Fersen út Gers dat alfêst laket ha earder publisearre west yn de tydskriften: Farsk, De Moanne, Bunker Hill en Hjir.
nei boppe